Gjin sukses foar Knegt

Gjin finaleplak foar Sjinkie Knegt op de 1000 meter (foto: schaatsen.nl)
Sjinkie Knegt hat snein op it EK shorttrack net de finale fan de 1000 helle. De 21-jierrige ynwenner fan Bantegea krige yn de foarronde materiaalpech, trochdat der skroefkes fan syn redens los sieten. Knegt einige op in tredde plak, wêr't in 2e plak nedich wie foar kwalifikaasje.
Letter rydt Knegt noch de 3000 meter. It goud yn it algemiene klassemint is sa goed as wis foar de Frânsman Fauconnet. Foar Knegt is sulver it heechst helbere.