Gjin grand prix foar Tuinstra

16 jan 2011 - 15:04

Iisspeedwayer Johnny Tuinstra mei dit seizoen net meidwaan oan it grand prix cirquit. By kwalifikaasjewedstriden yn Eastenryk slagge hy der sneon net yn him te pleatsen foar de grand prix searje. Dêrfoar wie in sechde plak yn de einrangskikking nedich.

Tuinstra stie oan de ein fan de kwalifikaasje op in dield sechde plak mei de Fin Järf en de Tsjech Klatovski. Yn de beslissingsrun dy't nedich wie einige hy as lêste. Ferline jier ried Tuinstra ek gjin GP's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)