Auto tsjin beam by Akkrum

Foto: Alex Zwart
By in iensidich ûngelok op de Alde Rykswei by Akkrum is in 31-jierrige Akkrumer sneon ferwûne rekke. De man siet as passazjier yn de auto fan in 21-jierrige Wurdumer. De Wurdumer ferlear wierskynlik troch de glêde dyk de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam.
De foarkant fan de auto, dy't earder dy middei krekt nij kocht wie, waard hielendal fuortslein. De Akkrumer hie problemen mei it sykheljen en waard oerbrocht nei it sikehûs.