Tafelkleed net yn Guiness Book

16 jan 2011 - 13:08

Frou Visser fan Flylân en har beppesizzers komme net yn it Guinness Book of Records mei it langste tafelkleed fan de wrâld. Frou Visser en de fjouwer famkes ha ôfûne simmer alle sneonen oan it naaien west en hiene sa in kleed fan mear as twa kilometer makke. Ein septimber waard it tafelkleed yn it doarp útrôle op in hiel soad tafels.

It rekôr waard oanmeld by it Guinness Book of Records, mar dy organisaasje liet witte dat it net erkend wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)