"Net wer nei Afganistan"

De steateleden fan Grien Links yn Fryslân binne tsjin in nije misje yn Afganistan. Se ha grutte muoite mei it militaristyske karakter dat sa'n misje krije soe. Se roppe har kollega's yn de Twadde Keamer dêrom op tsjin it plan te stimmen.
Sneon hat de partijried fan Grien Links him tsjin de Afganistan-misje útsprutsen. De Twadde Keamerfraksje wol earst de útlis fan it kabinet ôfwachtsje, foardat der in definityf stânpunt ynnaam wurdt.