Belangrike winst Flyers

15 jan 2011 - 23:04

De A6.NL Flyers ha de útwedstriid tsjin de Eindhoven Kemphanen mei 5-4 wûn. De thúsploech iepene de skoare, mar troch twa goals fan Michael Nason wie de earste perioade mei 2-1 foar de Flyers. Yn de twadde perioade kaam Eindhoven op 3-2, mar Jamie Visser en Andrey Levitin brochten de Feansters wer op foarsprong.

Marcel Bruinsma wie yn de tredde perioade de skutter foar de Flyers. Krekt foar de ein makke Travis Banga foar Eindhoven de fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)