Skotsploegen nei Nij-Seelân

15 jan 2011 - 15:20

Sân Fryske Skotsploegen sille kommende moanne op dûnstoernee troch Nij-Seelân yn it ramt fan Fryslân Ferbynt. Doel is om de 11.000 Friezen dy't dêr wenje waarm te meitsjen foar de ynternasjonale reüny dy't yn 2012 yn Fryslân hâlden wurdt.

De dielnimmers komme út alle hoeken fan Fryslân. De delegaasje dy't op dûnstoernee nei Nij-Seelân sil, bestiet út 35 dûnsers en muzikanten. Dochs giet it net goed mei it folksdûnsjen yn Frysk kostúm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)