Jouster driget mei boksbûgel
In 28-jierrige Jouster is freedtemoarn oanhâlden op fertinking fan bedriging. Hy hie wurden hân mei in buorman oer hûssmoargens. Dêrnei hie de 28-jierrige Jouster syn buorman mei in boksbûgel bedrige.
Yn syn wenning oan de strjitte Op de Bouwen hat de plysje de man oppakt. De boksbûgel waard yn beslach naam.