Oaljeslachtoffers yn Fûgelpits

15 jan 2011 - 14:37

De Fûgelpits yn Eanjum fangt in lytse 50 fûgels op dy't op it Noardseekanaal ûnder de oalje kommen binne te sitten. Sneontemiddei wurdt foar de twadde kear in tal oaljeslachtoffers ophelle. Earder fan 'e wike kamen 25 swannen nei Eanjum.

Troch in oanfarring fan in binnenfeartskip mei stookoalje en in oar skip lekte der koartlyn in soad oalje fuort yn it kanaal. Hûnderten fûgels kamen ûnder de oalje te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)