Ferwûnen botsing Frjentsjer
Twa froulju binne tongersdei nei it sikehûs brocht nei in oanriding op de Ockingahiem yn Frjentsjer. In 22-jierrige frou op de fyts rekke troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei de auto fan in 28-jierrige frou út Skalsum.
De fytster is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Ek de 28-jierrige frou út Skalsum is út foarsoarch nei it sikehûs brocht, omdat se in poppe ferwachtet.
Trefwurden:
argyf