Ynstellings Kultureel Kertier

Trije ynstellingen dy't in plak krije yn it kultureel kertier yn Snits geane yn 2012 fierder as ien organisaasje. It giet om it Centrum voor de Kunsten, poppoadium It Bolwurk en Theater Sneek. De fúzjeorganisaasje krijt de wurknamme 'Cultureel Kwartier'.
Direkteur Lieuwe Toren fan it Centrum voor de Kunsten wurdt de direkteur fan de nije organisaasje en liedt ek it fúzjeproses. In wichtige taak is mear bekendheid jaan oan it kultureel kertier.