'Programma PVV is jatwurk'

14 jan 2011 - 20:29

De PVV docht hjir foaral oan de provinsjale ferkiezings mei om sa grutter te wurden yn de Earste Keamer. Dat seit de FNP. Provinsjale steaten kieze de leden fan de Earste Keamer. It hjoeddeistige kabinet hat dêr no noch gjin mearderheid.

De PVV hat neffens de FNP de meast populêre stânpunten oernommen út de ferkiezingsprogramma's fan de oare partijen. Listlûker Annigje Toering neamt it 'jatwurk'. PvdA-listlûker Hans Konst sjocht dat ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)