'Hipperhapke' moaiste wurd

Tresoar
'Hipperhapke' is it moaiste nijste Fryske wurd fan Fryslân út 2010. Hipperhapke is de Fryske fertaling fan it Hollânske wurd 'insektensnack'. Atze Bosch hat dat wurdt betocht. It wurd waard freed keazen troch in sjuery fan minsken fan de Fryske Akademy, de Ried fan de Fryske Beweging en Tresoar.
Yn totaal koene der 20 Nederlânske wurden fertaald wurde. Sa'n 85 dielnimmers stjoerden 250 fertalingen yn yn it Frysk.