PVV giet foar Fryske tradysjes

14 jan 2011 - 15:10

De PVV wol Fryske tradysjes lykas it aaisykjen yn eare hâlde. Dat hat Geert Wilders freedtemiddei sein by de presintaasje fan it ferkiezingsprogramma yn Sint Nyk. Ek wol de partij gjin ôffaloven yn Harns, moat de fleanbasis yn Ljouwert iepenbliuwe, meie der gjin wynmûnen by komme en moat opholden wurde mei de sâltwinning.

Fierder wol de PVV dat doarpsskoallen iepen bliuwe en it skoalswimmen op basisskoallen moat wer werom komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)