Kollekte Cambuur foar nij guod
De skea troch in stikkene wetterlieding yn it materiaalhok fan de supportersferiening fan Cambuur wurdt rûsd op in lytste fjouwer tûzen euro. Koartlyn waard de skea ûntdutsen. It wetter hat soarge foar flinke skea oan ûnder mear spandoeken, trommels en flaggen.
Freedtejûn sil by de thúswedstrijd fan Cambuur tsjin Dordrecht in kollekte holden wurde om jild op te heljen foar de oanskaf fan nij guod.
Trefwurden:
argyf