Auto te wetter yn Ljouwert

14 jan 2011 - 10:29

In ynwenner fan Gouda is freedtemoarn betiid mei syn auto yn it wetter by de Boterhoek yn Ljouwert bedarre. Dat wie neidat de 19-jierrige man útnaaide foar de plysje. Dy woe him oanhâlde, omdat it fermoeden bestie dat er tefolle dronken hie.

Neidat de man yn it wetter rekke wie koe er sels út de auto komme. Ferfolgens is de man oanholden foar fierder ûndersyk. Ut in blaastest die bliken dat er yndie tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)