Famke skept troch auto
In famke fan 16 is tongerdeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak Haulerwyk. It famke waard skept troch in automobilist, doe't se op de Hoofdweg-boven rûn. Se waard rekke doe't in 20-jierrige automobilist in oare auto ynhelle.
It famke is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it universitêr medysk sintrum yn Grins.