FVC earder werom út Spanje

14 jan 2011 - 09:47

It earste team fan de Ljouwerter fuotbalferiening FVC moat in dei earder weromkomme fan in trainingskamp yn Spanje. De fuotballers wiene fergetten dat se snein yn Snits in wichtige wedstryd spylje moatte.

Snits woe de wedstryd wol fersette, mar de KNVB wol dit net. En dus moat it earste team fan FVC in dei earder thúskomme. Want neffens trainer Bert Hollander fan FVC is it fuortbliuwen by de wedstryd gjin opsje. Dan moat de ploech trije punten ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)