Hoop op minder besunigings

13 jan 2011 - 22:28

In goede 20 organisaasjes hawwe tongersdei ynsprutsen op in bysûndere riedsgearkomste fan de gemeente Tytsjerksteradiel oer de besunigings. Yn totaal moat de gemeente goed 3 miljoen euro besunigje en in grut part dêrfan moat opbrocht wurde troch biblioteken, pjutteboartersplakken, sportferienings en oare maatskiplike organisaasjes. Dy moatte allegear subsydzje ynleverje.

Troch yn te sprekken hoopje dy organisaasjes dat noch te kearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)