File troch ûngelok op A7

13 jan 2011 - 20:54

In kettingbotsing op de sneldyk A7 tusken Drachten en de ôfslach nei Fryske Peallen hat tongersdei oan it begjin fan de jûn foar in lange file soarge. Troch noch ûnbekende oarsaak botsten in stik as seis auto's opinoar. Der wie allinnich blikskea. Net ien rekke ferwûne.

Troch it ûngelok moast ien rydbaan foar it ferkear ôfsletten wurde en moast it oare ferkear foar in part oer de flechtstrook.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)