Jild foar tsjerkerestauraasjes

© Omrop Fryslân
De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat 175.000 euro krigen foar de restauraasje fan it oargel fan de tsjerke fan Boksum en foar de dakruter op it tsjerkje fan Koartsweagen. It jild waard tongersdei yn Amersfoort oerlange troch steatssektaris Halbe Zijlstra.
Direkteur Gerhard Bakker fan de stichting is bliid mei it jild. De opdracht foar de restauraasje fan it oargel lei al in skoft klear. Ferline jier is al begûn mei de dakruter.