ChristenUnie leaut yn Fryslân

13 jan 2011 - 19:36

Mei de slogan "Geloof in Fryslân" sil de ChristenUnie Fryslân de Provinsjale Steateferkiezings yngean. De partij wykt dêrmei ôf fan hoe't de lanlike partij kampanje fiert. Neffens listlûker Piet Adema is hjir bewust foar keazen. De partij wol sjen litte dat se der foar alle Friezen is.

NUON-jild moat ynsetten wurde om de Fryske mienskip noch sterker te meitsjen en boeren moatte mear romte krije om te ûndernimmen, sa stiet yn it ferkiezingsprogramma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)