Subsydzjeoanfragen tsjerken

© Omrop Fryslân
De Stichting ta behâld fan tsjerklike gebouwen yn Fryslân freget foar 124 tsjerklike monuminten subsydzje oan. It giet om in bedrach fan hast 11 miljoen euro. It jild is nedich foar ûnder oaren tsjerken, tsjerketuorren en klokkestuollen.
Ek de Stichting Alde Fryske Tsjerken docht in oanfraach foar in bedrach fan 650.000 euro. De stichting is eigner fan sechtjin tsjerkegebouwen. De 140 oanfragen sille sneon besoarge wurde by de Rykstsjinst Kultureel Erfgoed.