Fryske mûtse fan Appie Gorter

De mûtse yn aksje
De 'Fryslân' mûtse dy't te sjen is yn in populêr Belgysk filmke, komt fan Jouwster Appie Gorter. De grimeur hat in goed kontakt mei de makkers fan it satiryske programma 'Basta'. Sa jout Gorter de fjouwer mannen fan 'Neveneffecten' wol faker Fryske sûvenirs.
It filmke fan de fjouwer kabaretiers yn in kontener is populêr op filmkessite YouTube. Mear as 350 tûzen minsken hawwe it filmke sjoen.