Mooglik staking Haitsma Beton
By Haitsma Beton yn Koatstertille wurdt mooglik staakt om in better sosjaal plan ôf te twingen. By Haitsma Beton ferlieze tsien minsken har baan. Benammen oer de oanfolling dy't de direksje har jaan wol op har WW-útkering binne de wurknimmers net tefreden.
Sûnt 20 desimber wurdt net mear ûnderhannele oer in akkoart. Op 17 jannewaris lizze de fakbûnen it einbod fan de direksje foar oan de leden, mar mei in negatyf advys.
Trefwurden:
argyf