Fersmoarge grûn yn Ljouwert

Op trije plakken yn de stêd Ljouwert sit safolle smoargens yn de grûn dat der in risiko foar de folkssûnens is. De gemeente hat neisykje litten wêr't yn de stêd de grûn noch fersmoarge is. It slibdepot Suderbuorren is ien fan de trije plakken, mar de sanearing dêr is hast dien.
De oare twa binne plakken dêr't earder gemyske waskerijen sieten, op de Hoekstersingel en de Skrâns. Foar beide lokaasjes binne ôfspraken makke mei de eigners oer sanearing.