Meksikaanske gryp yn sikehûs
Op it stuit lizze der acht pasjinten mei ferskynsels fan de Meksikaanske gryp yn it sikehûs. Fan fjouwer is de besmetting mei it H1N1-firus oantoand.
De dokters fan de GGD neame de grypgolf oant no ta in normaal ferrinnende seizoensgryp. Ferline jier waard by 111 Friezen Meksikaanske gryp oantoand.