Plysjehûn moast man oppakke

13 jan 2011 - 11:02

De plysje hat earder dizze wike in hûn ynsette moatten om in 30-jierrige Drachtster op te pakken yn it azc. De man hie tefolle dronken en bedrige it personiel. Dêrnei ferstoppe er him achter de bar en woe dêr net wer wei komme.

Pas doe't de plysjehûn ynset waard slagge it om de man wer achter de bar wei te krijen. Hy is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)