Man fertocht fan deaslach
In 41-jierrige Ljouwerter hat syn 55-jierrige freondinne woansdeitenacht sa slim mishannele dat se in brutsen nekke en in brutsen kaak oprûn. Ek hâldt se skaafwûnen oan de klappen fan har partner oer.
In tsjûge warskôge de plysje. Dy hat de 41-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy sit fêst op fertinking fan deaslach.
Trefwurden:
argyf