Fuotbalcoach jout fûstslach

De plysje hat woansdei by in sealfuotbaltoernoai yn Frjentsjer in coach oppakt. By in wedstryd tusken Berltsum en Jobbegea wie reboelje ûnstien om in reade kaart. Dêrby krige ien fan de coaches in fûstslach yn it gesicht fan de coach fan de tsjinpartij.
De dieder is troch de plysje foar neier ûndersyk meinaam nei it buro. It slachtoffer is ûndersocht troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net mei nei it sikehûs.