Skûtsjeferfier oer de dyk
It Earnewâldster skûtsje de Dikke Otter wurdt tongersdeitemoarn oer de dyk ferfierd fan Harns nei Earnewâld. De ôfrûne tiid lei it yn Harns yn ferbân mei renovaasje.
Om't der noch tefolle iis leit, kin it skûtsje net oer it wetter nei Earnewâld werom farre. Op it Wiid by Earnewâld leit noch wol sa'n tsien sintimeter iis.