Ungelokken en files troch mist

Troch fiif oanridings op en om it knooppunt It Hearrenfean hawwe der lange files op de A7 en A32 stien. Om in ferwûne bestjoerder út de auto te heljen wie de A7 by Tsjalbert ôfsletten. Neffens de plysje wiene de oanridings it gefolch fan tichte mist.
Op de ôfrit fan de A32 botsten fiif auto's op inoar. Dêrby rekken trije minsken ferwûne, mar ek by de oare oanridings rûnen bestjoerders ferwûnings op. Tusken Drachten en It Hearrenfean stie de A7 folslein fêst.