Friezin by Beatrix op resepsje

12 jan 2011 - 16:38

Ferskate Friezen ha tiisdei op besite west by de Keninginne. Sy wiene útnoege op de jierlikse nijjiersresepsje. Under har wie ek Hilda de Haan fan Drachten. Se wie útnoege om't se aktyf lid is fan it MKB. Beatrix woe dit jier ekstra omtinken jaan oan it MKB om't dy branche sa'n drege tiid trochmakke. Neist Keninginne Beatrix, Willem Alexander en Màxima wiene der ek tal fan politisy en oare bekende Nederlanners oanwêzich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)