BSE by ien ko yn Lippenhuzen

12 jan 2011 - 15:14

Op in melkfeehâlderij yn Lippenhuzen is ôfrûne desimber BSE konstatearre. De gekkekowesykte waard fûn by in 14-jierrich bist dat op 27 desimber stoarn is. It is it tredde gefal fan BSE yn Nederlân yn 2010.

Nei ûndersyk by destruksjebedriuw Rendac die bliken dat de ko de sykte ûnder de lea hie. De oare bisten fan de melkfeehâlderij binne net besmet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)