LTO warskôget foar tongblier

12 jan 2011 - 15:08

De LTO warskôget foar de ynsleep fan tongblier. Minsken dy't yn lannen as Turkije en Bulgarije west ha, nimme it MKZ-firus mooglik dêrwei mei. Sawol fee as wylde bisten dêr binne besmet. Yn Turkije binne foarich jier tûzen gefallen fan tongblier melden, tsjin hûndert it jier dêrfoar.

Tiisdei binne yn Bulgarije de earste gefallen fan MKZ-besmetting op buorkerijen fêststeld. It is yn maart tsien jier lyn dat Fryslân troffen waard troch in tongblier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)