Bysûndere grêven bewarje

12 jan 2011 - 12:51

De gemeente Ljouwert hat in lytse 200 grêven oanwiisd om te bewarjen. Se binne hiel bysûnder. It giet om grêven op it Noarderbegraafplak en it tsjerkhôf fan Huzum.

It giet om grêven fan bysûndere persoanen of dêr't in spesjale grêfstien op stiet. De gemeente sil de grêven as it nedich is opknappe en tenei ûnderhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)