100e Frysktalige berne-opfang

12 jan 2011 - 12:47

Der binne no hûndert Frysktalige berne-opfangplakken. It bernedeiferbliuw De Tovervis yn Drachten is twatalich wurden. Dat hâldt yn dat ien liedster Frysk praat en de oar Nederlânsk.

Meiwurkers fan it Sintrum Frysktalige Berne-Opfang jouwe de liedsters fan de pjutteboartersplakken en berne-opfang tips om boartlik mei de taal om te gean. Op It Bilt wurdt ek al in trijetalich belied fierd mei Frysk, Nederlânsk en Biltsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)