Wim Stroetinga ûnder it mes

11 jan 2011 - 22:33

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Alderberkeap wurdt tongersdei opereard oan syn brutsen skouderbonke. De 25-jierrige Stroetinga rûn dy blessuere op by de seisdaachse fan Rotterdam by in fal op de baan.

Foar de wrâldbekerwedstriden yn Peking ein jannewaris is Stroetinga net op tiid klear. It WK op de baan, yn maart yn Apeldoorn, is no it folgjende doel. Stroetinga wurdt opereard yn Almelo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)