Bysûndere jeften foar it NNO

11 jan 2011 - 21:50

It Noord Nederlands Orkest hat in pear bysûnder jeften krigen. Fan in anonime fan krigen se 35.000 euro foar it ynstrumintefûns. It orkest hat ferlet fan kontrabassen, in fagot en in nije harp en kin dy no oanskaffe.

Dêrneist krige it NNO in bysûndere fioele fan âld-fioelist Aldo Somer. Dizze fioele hat fan Somer syn heit west, dy't konsertmaster wie by de Grinzer Orkest Vereniging, dat letter opgien is yn it Noord Nederlands Orkest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)