Hearrenfean-FC Utrecht: 2-1

Mei in 2-1 winst op FC Utrecht kin SC Hearrenfean weromsjen op in súksesfol treningskamp yn Portugal. Earder dizze wike waarden de amateurs fan AFC út Amsterdam mei 3-0 ferslein. Tsjin FC Utrecht gong it in stik dreger. By rêst wie der in 1-0 achterstân. Mei goals fan Beerens en Djuricic kin trainer Ron Jans mei in goed gefoel it treningskamp ferlitte.
Der is neffens him goed traind en de spilers ha ek oan de swakke punten wurkje kinnen.