Opera Spanga yn museum

Corina van Eijk fan Opera Spanga
Opera Spanga sil begjin febrewaris foar it earst yn syn bestean in opera opfiere yn in museum. Yn museum Beelden aan Zee yn Scheveningen sil it stik 'Is this Tosca' fjouwer kear spile wurde.
It giet om in bewurking fan de opera Tosca fan Giacomo Puccini dêr't regisseur Corina van Eijk in solo-opera fan makke hat foar sjongeres Francis Broekhuizen. De opera wurdt opfierd yn in konstruksje fan steigerpipen.