Foarstelling Harmonie giet oer
De foarstelling Dokter Dolittle op tongersdei 13 jannewaris yn de Harmonie yn Ljouwert giet net troch. Neffens de skouboarch is der te min belangstelling. De opfiering fan freed giet wol troch.
De Harmonie tinkt dat de belangstelling foar tongersdei ôffalt om't de foarstelling foar jonge bern is. Fanwege skoalle is de freedtejûn geskikter as de tongersdei. Taskôgers mei in kaart foar tongersdei kinne freed komme.
Trefwurden:
argyf