Pronkshirt 't Fean stellen

Foto: www.dadergezocht.nl
Ut it Abe Lenstrastadion binne twa shirts stellen. Ien fan de shirts is droegen by de bekerfinale dy't wûn waard fan FC Twente yn 2009. Nei alle gedachten binne de shirts al op 18 desimber stellen. Doe waard de wedstriid Hearrenfean-De Graafschap spile. Twa dagen letter ûntdutsen twa meiwurkers fan de fuotbalklup dat de achterdoar fan de pronkkeamer net ôfsletten wie. De shirts wiene fan twa poppen lutsen. Dêrtroch binne de poppen stikken rekke.