"Fytspaad Grou-Warten nedich"

De steatefraksje fan it CDA wol dat der jild komt foar in fytspaad tusken Grou en Warten. Yn 2003 waard al in aksjegroep oprjochte foar in fytspaad tusken beide doarpen. Troch finansjele problemen fan de gemeente Boarnsterhim is it der noait fan kaam.
Earder hat ûnder oare de steatefraksje fan de FNP dêr ek al om frege, mar doe wie der gjin mearderheid foar. Deputearre Galema fan it CDA fynt dat it fytspaad der no lang om let dochs komme moat.