IIs: werf ûnberikber foar skip

Foto: www.jurjen-mulder.nl
De nije rûnfeartboat River Queen út Warmond kin jachtbouwer Jurjen Mulder yn Grou net berikke. Troch it iis leit it betimmeringswurk oan it skip trije wike achter op skema.
Provinsjale Wettersteat soe tiisdei it iis brekke, sadat it skip nei de werf kin. Bliken docht dat it iis mei 8 sintimeter dêr noch te tsjûk foar is. De iisbrekker komt der wol trochhinne, mar de kâns is grut dat de iisbrekker sels, de rûnfeartboat en de wâlskanten stikken gean.