Westra dreamt fan súkses Tour

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje dreamt fan súksessen yn de kommende Tour de France. Syn team Vacansoleil waard moandei presintearre yn Rotterdam. Der sitte 28 profesjonele hurdfytsers yn. It wurdt in belangryk jier foar Westra. Hy is treddejiers prof en wol it kommend seizoen grutte súksessen behelje.
It begjin fan de seizoen is al posityf foar Vacansoleil. Foar it earst yn it bestean mei de ploech meidwaan mei de Tour de France, de Vuelta en de Giro.