Kapralik op proef yn Slowakije

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat Zdenko Kapralik fuort giet by SC Cambuur. De ferdigener is werom nei syn heitelân Slowakije foar in proefperioade by in klup yn dat lân. Kapralik is transferfrij, want hy spile op amateurbasis by Cambuur.
Nassir Maachi sjocht ek om nei in oare klup. Hy mei fuort fan de tecnhyske stêf. Oant no ta is der lykwols gjin ynteresse foar de oanfaller. Trainer Alfons Arts ferwachtet net dat der fierder noch in soad feroarje sil.