Min jier foar hoareka

10 jan 2011 - 12:17

De hoareka yn Fryslân hat yn 2010 wer minder omset draaid. Troffen binne benammen de djoerdere restaurants en de hotels. Dat hat de ôfdieling Fryslân fan Koninklijke Horeka Nederlân bekend makke. Foarsitter Baukje de Vries ferwachtet dat it dit jier wer wat better wurdt, alhoewol't de prizen wol omheech gean fanwege de tanommen kosten.

Troch it toerisme komt de klap yn 'e hoareka op guon plakken yn Fryslân minder hurd oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)