Omrin test REC-oven Harns

De REC-oven yn oanbou in jier ferlyn
Omrin sil foar de twadde kear de ôffaloven yn Harns teste. Dizze kear wurdt proefdraaid mei it skjinblazen fan 'e tsjettels. Dat kin wat leven jaan. Ut de piip is in dampplûm te sjen. It skjinblazen bart twa kear deis fan 17 oant 28 jannewaris en fan 7 oant 14 febrewaris. De lûdsoerlêst duorret sawat fiif minuten.
By it testen wurdt gjin ôffal ferbaarnd. Dat bart pas begjin maart as de oven yn gebrûk naam wurdt.