Farferbod alle farwegen opheft

10 jan 2011 - 10:15

De provinsje hat mei yngong fan moandeitemoarn njoggen oere it farferbod foar alle Fryske farwegen opheft. Dat wie ynsteld om it iis te behâlden foar in mooglike Alvestêdetocht. No't it definityf teiwaar is, hat de provinsje besletten dat it farferbod net mear nedich is.

Ferline wike wie it farferbod foar de grutste farwegen al opheft, lykas it Van Harinxmakanaal en it PM-kanaal. Fan moandei ôf mei no oeral wer fearn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)